Read mierespoar yn Drachten

07 maaie 2010 - 12:42
  • Drachten is fersierd mei tsientallen grutte miammels

It sil de measte ynwenners fan Drachten grif opfallen wêze. Yn it hiele doarp binne reade miammels (mieren) fan in hele by in heale meter op de grûn skildere. Op tsientallen plakken yn it sintrum, mar ek yn de wenwiken binne se te sjen.

Op ynternet en yn it doarp wurdt no drok spekulearre oer wa't hjir ferantwurdlik foar is. Minsken dy't mear witte fan de reade eamelers kinne dat nei ús maile op e-mailadres redaksje@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)