RBC - SC Hearrenfean: 1-3

22 nov 2004 - 11:27

Sportclub Hearrenfean hat sneon yn Roosendaal mei 1-3 wûn fan RBC. Edwin de Graaf sette de thúsploech yn de 17e minút op foarsprong. Daniël Berg Hestad makke 11 minuten letter de lykmakker. It begjin fan de twadde helte wie folslein foar SC Hearrenfean.

Hestad skoarde nochris en ek Klaas Jan Huntelaar makke in doelpunt. By RBC stiet Jesper Hakanson yn de spits. De spiler stiet noch ûnder kontrakt by Hearrenfean, mar is ferhierd oan RBC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)