RBC - Hearrenfean: 1-1

14 des 2003 - 00:00

Hearrenfean hat sneon 1-1 gelyk spile tsjin RBC Roosendaal. It fjild yn Roosendaal wie troch de rein hast net bespylber, mar de wedstriid gong dochs troch. Gerald Sibon foel al yn it earste kwartier út troch in blessuere.

RBC iepene de skoare. Topskoarer Youssouf makke in foarset fan Ikedia ôf. Stefan Selakovic miste 20 minuten nei rêst in strafskop. Georgios Samaras makke in kwartier foar de ein fan de wedstriid in puntsje foar de Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)