Razende man hâldt buert wekker

12 maaie 2013 - 11:49

In 27-jierrige man fan It Hearrenfean hat syn buert sneintenacht flink út 'e sliep hâlden mei syn geraas. De man wennet oan it Akkersplein. Om in oere as fiif gong er yn syn flat folslein troch it lint en begûn te razen en syn meubels te slopen. Buorlju bellen de plysje, dy't de man yn syn wenning oanhâlde.

Neffens de buert hâldt de Feanster harren wol faker wekker. De man ferklearre oan de plysje dat hy júst reagearre op it leven fan syn buorlju. Om de man bekomme te litten is er yn de sel setten. Dêr mocht er fierder sliepe.

Tsjin him is wol proses-ferbaal opmakke foar it oertreden fan de pleatslike feroardening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)