Ravestein nimt kanaal oer

02 feb 2010 - 16:08
  • Der binne al hiel wat wurden fallen oer it Polderhoofdkanaal

Boargemaster Francisca Ravestein fan Opsterlân is foarearst ferantwurdlik foar it dossier Polderhoofdkanaal. Oant moandei wie dat wethâlder Henk Hoen, mar dy akseptearre net dat de gemeenteried dit ûnderwerp út syn portefeuille helje woe. Hy stapte dêrom op. De weriepening fan it kanaal is koart nei de start yn 2007 stillein troch de rjochter. Oanlieding foar de politike reboelje wie in rapport oer de gong fan saken oangeande de weriepening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)