Ravestein 'machtige frou'

19 okt 2010 - 22:09
  • Ravestein is in machtige frou op it mêd fan sport

Boargemaster Francisca Ravestein fan Opsterlân stiet as iennichste Fryske frou yn de list fan de hûndert machtichste froulju fan Nederlân. De list fan it blêd Opzij is ferdield yn tsien kategoryen. Ravestein stiet op plak seis op it mêd fan sport.

Ravestein stie ferline jier noch op it sânde plak. Se is stegen om't se foarsitter wurden is fan it Nederlânske baskestbalbûn. Ravestein is ek foarsitter fan it Lanlik Netwerk Vrouwen in sport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)