Ravenstein: daliks Frysk leare

09 jan 2008 - 16:08
  • Francisca Ravenstein

De nije boargemaster fan Opsterlân Francisca Ravenstein besiket yn seis moanne tiid Frysk te learen. Dat sei se woansdei by har ynstallaasje yn Beetstersweach. Se sleat har taspraak ek ôf yn it Frysk en dat klonk hielendal net ferkeard.

Ravenstein waard tusken Nij Beets en Aldeboarn op de grins fan Opsterlân en Boarnsterhim wolkom hjitten troch de rest fan it kolleezje. Se is de earste froulike boargemaster fan Opsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)