Raven briede by Ravenswâld

27 jul 2011 - 14:26

Foar it earst yn mear as hûndert jier binne der wer raven yn Fryslân. Yn de bosken fan Ravenswâld, tichtby it Fochtelerfean, briedt in pearke. Dat meldt Natuermonuminten.

De raaf is yn 'e foarige ieu útroeid yn ús lân. Fjirtich jier ferlyn is de fûgel wer yntrodusearre yn Nederlân. Dat wie op 'e Feluwe. De raven fan Ravenswâld binne nei alle gedachten neiteam fan fûgels dy't tahâlde yn it Drintsk-Fryske Wâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)