Ravaazje by ynbraak yn Balk

24 jan 2012 - 10:44

By in ynbraak yn de kantine fan fuotbalferiening Balk is yn it wykein in soad skea ûntstien. De dieven makken in grut gat yn de foardoar en sloopten de befeiliging fan de muorre. Dêrnei ha se de kantine hielendal trochsocht. Dêrby waarden alle tuskendoarren sloopt.

De dieven binne mei in lyts jildbedrach útnaaid. De measte skea is moandei ferholpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)