Ravaazje yn Coopmanstraat Ljouwert troch oanriding

22 nov 2015 - 09:41

Yn de Coopmansstraat yn Ljouwert is sneintenacht in auto tsjin in beam botst. Dêrby is in protte skea ûntstien. De bestjoerder wie de macht oer it stjoer kwytrekke. Nei de botsing mei de beam bedarre de auto op de sydkant op it fytspaad en tsjin in stek oan.

De bestjoerder naaide nei it ûngelok út, mar waard al gau fûn troch de plysje. Syn freondinne bleaun wol by de auto, mar dy waard lilk en misledige de plysje. Sy is dêrnei oanhâlden. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)