Ravaazje troch oanriding frachtweinen op Ofslútdyk

27 jan 2015 - 22:08

De Ofslútdyk hat tiisdeitejûn fan Surch yn de rjochting Koarnwertersân koarte tiid ôfsletten west yn ferbân mei in oanriding tusken twa frachtweinen. By Koarnwertersân stie in frachwein mei maleur op de flechtstreek. Dy waard oanriden troch in frachtwein mei trailer dy't fol siet mei grutte pûden mei stiennen. Troch de oanriding rekke de sydkant fan de trailer swier skansearre. Hjirtroch foel allegear guod op de dyk.

De frachtwein is noch 2 kilometer trochriden en stoppe by de slûzen. De dyk moast ticht om de ravaazje op te romjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)