Ravaazje op pompstasjon

27 jun 2000 - 17:47

In man út Berltsum (53) hat moandei foar in ravaazje soarge op in pompstastjon oan 'e Harnserstrjitwei yn Ljouwert. Hy raamde in benzinepomp en kaam tsjin de iennige tagongsdoar fan it gebou ta stilstân.

It personiel koe der earst útkomme nei't de auto fuorthelle wie. De wein rekke by de klap folslein rampoai. Neffens de plysje wie der neat mis mei de remmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)