Rasterhoffpark flink grutter

15 aug 2008 - 06:58
  • it park wurdt grutter

It Rasterhoffpark yn Snits wurdt flink grutter. Ein augustus set de oannimmer út ein mei de oanlis fan de útwreiding fan in natuergebiet fan 7 hektare oan de súdkant fan it park.

De útwreiding is ûnderdiel fan de ferfanging fan it grien dat ferlern giet by de oanlis fan de autodyk A7. Mar de gemeente hat in gruttere kompensaasjeferplichting. Sa sil der ûnder oare ek noch in stik natuer ûntwikkele wurde by it nijbouplan Harinxmaland by Skearnegoutum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)