Rasistyske reaksjes by PvdA

18 aug 2003 - 00:00

De Ljouwerter PvdA hat oanjefte dien by de plysje fanwege diskriminaasje. Op de plannen fan PvdA-riedslid Gulbasar fan Ljouwert kamen in soad lilke en rasistyske reaksjes binnen.

Gulbasar die foarige wike it foarstel om Turks, Marokkaansk en Berbersk deselde posysje te jaan as it Frysk. It like as wie dat it foarstel fan de PvdA. Dat is letter rjochtset. Foarsitter Veldhuis fan de Ljouwerter PvdA moat neat fan it foarstel ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)