Rapport rekkenkeamer: opskuor

28 apr 2006 - 11:12

It alderearste rapport fan 'e noardlike rekkenkeamer soarget gelyk foar polityk opskuor. Neffens it rapport is it mar de fraach oft wurkgelegenheidssubsydzjes oan bedriuwen wol goed bestege binne.

SNN, it gearwurkingsferbân fan Drinte, Fryslân en Grinslân is net fan doel om wat te dwaan mei de oanbefellings fan it rapport. Yn Fryslân binne PvdA, CDA en FNP tige kritysk oer dy reaksje fan SNN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)