Rapport: pak ferpaupering oan

10 apr 2008 - 15:49
  • sokke huzen moatte opknapt wurde

Gemeenten en partikulieren moatte gearwurkje om ferpaupering fan huzen better oan te pakken. Dat stiet yn in rapport dat makke is yn opdracht fan ferskate wenningboukorporaasjes. It giet om gebouwen fan partikulieren dy't byldbepalend binne yn in doarp.

De eigner hat der baat by en de doarpen krije in bettere útstrieling. Dat kin mear toeristen lûke en sa mear ynkomsten foar de gemeenten. It rapport wurdt moandei presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)