Rapport oer bou sintrum Drylts

13 mrt 2005 - 15:14

De gemeente Wymbritseradiel rint grutte finansjele risiko's as it plein foar it 'giele stientsjegebou' yn Drylts net beboud wurdt. Dat docht bliken út in rapport fan advysburo Tauw yn opdracht fan de gemeente.

Neffens dat rapport is de gemeente tusken de 300.000 en 1 miljoen euro kwyt as de plande bou fan 5 wenten yn it sintrum net trochgiet. Dat hat te krijen mei skeaclaims fan de bouwer en it misrinnen fan Europeeske subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)