Rapport oer amtnerfúzje per 2016 djoerder as tocht

02 mrt 2015 - 10:35
  • Gemeente Dongeradiel

De fúzje fan amtners fan de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân is noch net begûn, mar de earste finansjele ôffaller is der al. De tarieding fan de fúzje op 1 jannewaris 2016 kostet twa ton.
Earder tochten de fjouwer gemeenten dat in earste evaluaasje fan it proses binnen dy twa ton bliuwe soe. No docht bliken dat foar dy evaluaasje nochris 100.000 euro nedich is.

De tarieding moat hifkje om útmeitsje te kinnen oft nei in fúzje fan amtners de gemeenten ek kwa bestjoer de lapen gearsmite moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)