Rapport mei tips yndustrybelied

19 jan 2004 - 00:00

It Ynternasjonale Businesspark Fryslân yn de gemeente Hearrenfean moat yn de takomst ek foar lytsere bedriuwen tagonklik makke wurde. Dat is ien fan de wichtichste útkomsten fan in rapport dat in buro út Nijmegen makke hat.

Oant no ta is it IBF geskikt foar bedriuwen dy't op syn minst 10 hektare ôfnimme. Dat moat eins werombrocht wurde nei 2 hektare. Fierder moat de gemeente hoeden omgean mei it ûntwikkeljen fan nije bedriuweterreinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)