Rappere toets wetter

23 maaie 2008 - 21:03

Wetterskip Fryslân kin romtlike plannen folle flugger toetse op de gefolgen foar de wetterhúshâlding. Duorre it foarhinne moannen foardat de wettertoets klear wie, no is der noch mar ien dei foar nedich. It giet wol om lytse plannen, dy't net al te bot yngripe yn de wetterhúshâlding. De toets is foar gemeenten ferplichte. Skarsterlân is de earste dy't him brûkt. De nije toets is digitaal, wat papierwurk besparret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)