Rapper ride mei op A6

17 maaie 2011 - 21:33

Automobilisten meie fan tiisdeitejûn sân oere ôf it gaspedaal op de A6 tusken De Jouwer en Almere in stikje fierder yndrukke. Dit trajekt is ien fan de acht proefprojekten dêr't de maksimale snelheid omheech giet fan 120 nei 130 kilometer yn de oere.

Op de A6 mei dit lykwols allinich yn de nachtlike oeren. Rykswettersteat telt it tal auto's dat oer de dyk komt en mjit hoe hurd se ride. It blykt dat op de Ofslútdyk kwalik hurder ride wurdt nei de ferheging fan it limyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)