Rapper mei trein nei Rânestêd

01 jul 2014 - 18:46

In grutte keamermearderheid hat tiisdei ynstimd mei in moasje om de reistiid mei de trein tusken Ljouwert en de Rânestêd te ferbetterjen. De sneltreinen moate op dit stuit yn Swol 12 minuten wachtsje foardat se fierder ride. De NS wol pas nei 2021 komme mei in oplossing foar dit probleem.

Mei de moasje dy't no oannaam is moat de NS it probleem earder oanpakke. De moasje wie yntsjinne troch Sander de Rouwe fan it CDA en Hoogland fan de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)