Rapper Hozny yn berop tsjin straf foar bedriigjen Wilders

07 nov 2014 - 19:28
  • In byld út de klip

De 27-jierrige Snitser rapper Hozny giet yn heger berop tsjin de straf dy't de rjochtbank him freed oplein hat foar it bedriigjen fan PVV-lieder Geert Wilders. Dat sei er op Radio 1. Hozny moat in wurkstraf útfiere fan 80 oeren. Ek hat er twa moannen selstraf ûnder betingst krigen.

Hozny fynt de straf te swier. Neffens him hat in rapper noait earder sa'n hege straf krigen, wylst kollega-artysten folle slimmere teksten brûkt hawwe.

Yn maart fan dit jier pleatste Hozny in fideoklip op ynternet. Dêr wie te sjen dat in man dy't op Wilders liket, twa fjoerwapens tsjin 'e holle kriget. Oan de ein fan de fideo is in skot te hearren en giet it byld op swart. Neffens Hozny wie it doel om te sjokkearjen, net te bedriigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)