Rappe Roemeense oanhâlden

03 jul 2013 - 10:44

Op de A7 hat de plysje tiisdei in 29-jierrige automobiliste út Roemenië oanhâlden. De frou ried fan knooppunt Heerenveen oant ôfslach Drachten fierstente hurd en konstant op de linkerrydstrook en se siet ticht op oare auto's. By De Tynje koe metten wurde dat de Roemeense 179 kilometer yn de oere ried. De plysje sette har oan de kant. Se wei ûnderweis nei har bertelân. Se hat in boete krigen fan goed 900 euro. Dat woe se net betelje en doe is har rydbewiis ynnommen en der is proses -ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)