Rappe rider op A7 oanhâlden

13 okt 2013 - 10:48
  • Plysje auto

In 42-jierrige Snitser hat sneon syn rydbewiis ynleverje moatten. Op de A7 by Drachten ried de man 155 km yn 'e oere, wylst dêr in maksimumsnelheid fan 100 km jildt. Dêrneist bleau de man lang links riden, joech er gjin rjochting oan by it wikseljen fan rydstrook en hâlde er ûnfoldwaande ôfstân ta syn foargongers. De Snitser is troch de plysje oan de kant set. Hy krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)