Rappe rider by Harns

06 jan 2005 - 09:32

In 22-jierrige automobilist út Easterbierrum is woansdei betrape op te hurd riden. De plysje krigen him op 'e kuer by de krusing by Surch. Dêr ried er mei 155 kilometer yn 'e oere oer de Westerseedyk, wylst dêr tachtich tastien is.

Dêrnei stode er mei 110 kilometer yn 'e oere Harns yn. Yn 'e havenstêd waard de auto oan 'e kant set troch de plysje. De man moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)