Rappe foar Papus

21 nov 2006 - 10:27

Hûnderten belangstellenden kamen moandei ôf op in muzikaal protest yn De Skâns op De Gordyk. De aksje draait om de 21-jierrige Papus Kabba. Hy driget it lân útset te wurden en sit no al fêst yn Ter Apel.

De jongeman is tige wichtich foar de jeugd yn it doarp. Hy hat twa hiphopfestivals organisearre dêr't er sels rappend it poadium dielde mei boargemaster Heldoorn. Neffens de jeugd stie Papus altyd foar har klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)