Rap ynternet foar bûtengebiet

05 mrt 2014 - 11:11
  • Glêsfezel

Ynwenners fan Opsterlân moatte har foaral melde, as se rapper ynternet hawwe wolle. Dat seit de gemeente. De provinsje siket út op hokker plakken minsken ferlet ha fan ynternet fia glêsfezel.

Minsken kinne dat op in spesjale webside oanjaan. De gemeente Opsterlân ropt syn ynwenners no op har op dy webside te melden. Opsterlân hat in grut bûtengebiet dêr't minsken en bedriuwen faak gjin goeie ynternetferbining hawwe. Ynternetoanbieders jouwe faak gjin prioriteit oan it plattelân, dy konsintrearje har op doarpen en stêden.

As genôch minsken har melde, is de kâns grutter dat it bûtengebiet ek yn byld komt by de ynternetoanbieders.

Sjoch hjir foar de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)