'Rap spoar helpt ekonomy net'

01 jun 2006 - 11:42

Prominente Nederlanners warskôgje de Keamer om ek yn twadde ynstânsje net te kiezen foar in rap spoar nei it Noarden. Dat docht bliken út in brief fan it Critical Review Team ûnder lieding fan professor Arnold Heertje.

De groep skriuwt oan ferkearsminister Peijs dat sa'n spoar de ekonomy fan it it noarden en Noard-Hollân net fersterket. In grut part fan de Keamer hat de lêste wiken oanjûn dochs noch foar it Suderseespoar te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)