'Rap reagearje yn bousektor'

31 jan 2014 - 20:06
  • Wurk yn de bou

Der moat troch alle belutsen partijen folle flugger reagearre wurde as boubedriuwen yn swierrichheden reitsje. Allinnich troch in goede en flugge gearwurking fan fakbûnen, banken, bedriuwen en de rjochtbank kin in fallisemint mooglik foarkaam wurde. Dat seit Marten Cornel, foarsitter fan de ôfdieling Fryslân fan Bouwend Nederlân.

Cornel reagearret op it nijs dat it relatyf sûne wenningboubedriuw VDM yn Droegeham útstel fan betelling oanfrege hat. It bedriuw hat noch in goed fulde oarderportefúlje mar kin de eintsjes net oan elkoar knoopje.

VDM hopet wol op in trochstart. Cornel tinkt dat 2014 noch in hiel swier jier foar de bousektor yn Fryslân wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)