Ranzijn ferliest fan Snits

04 sep 2009 - 16:20

Túnsintrum Ranzijn Plant en Dier yn Snits hat de rjochtsaak tsjin de gemeente ferlern. Dêrtroch reitsje mooglik 40 minsken harren baan kwyt.

Ynset fan de rjochtsaak wie in konflikt oer de biste-ôfdieling yn it túnsintrum. Neffens de regels mei Ranzijn der gjin biste-ôfdieling op nei hâlde. Dat is jierrenlang tastien, mar de gemeente wol it net mear gedoge en set dêr in twangsom fan 10.000 euro yn de wike op. De rjochter jout de gemeente dêr gelyk oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)