Ranking ynfiere by keatsen

13 okt 2011 - 07:35

By it keatsen wurdt in rankingsysteem ynfierd. No bepaalt in technyske kommisje noch wa't yn de haadklasse útkomme mei. Kommend seizoen gebeurt dat oan de hân fan in rankingsysteem sa as dat ek by tennis en bygelyks beachfollybal brûkt wurdt.

Sa'n systeem moat noch geskikt makke wurde foar tapassing by it keatsen. Woansdeitejûn praten de leden fan it keatsbûn dêr oer en dy wiene posityf, seit Sipke Saakstra fan it keatsbûn fan it KNKB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)