Rânestêd praat flugger

06 des 2004 - 12:25

Friezen tochten it altyd al, mar no is it wittenskiplik bewiis der: bewenners fan de Rânestêd prate hurder as oare Nederlanners. 'Randstedelingen' helje 5,42 wurdlid (lettergreep) yn in sekonde. Limburgers helje 'mar' 4,89 wurdlid yn de sekonde.

Dat ha taalwittenskippers fan de universiteit fan Antwerpen fêststeld. Der is net allinnich in geografysk ferskil. Sa prate manlju hurder as froulju en jongeren hurder as âlderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)