Rampsenario's fleanbasis klear

13 jun 2006 - 16:45

De gemeente Ljouwert hat de senario's foar in ramp op de fleanbasis goed trochnommen en goedkard. Takom wykein wurde dêr op de iepen dagen 400.000 besikers ferwachte.

Begjin maaie wie der noch in rampoefening. Op basis dêrfan binne in tal saken oanpast. Sa fûn boargemaster Dales dat der net genôch bussen binne om de besikers te ferfieren. Dat is no oplost, meldt de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)