Rampoefenening op 'e Iselmar

15 sep 2001 - 00:00

Sneon is der op it Iselmar, tusken Makkum en Koarnwertersân, in grutte rampoefening hâlden. Doel is om de helpferliening oan slachtoffers te ferbetterjen en om ûnderfining op te dwaan mei in eventuele miljeuramp op de mar.

Fierder wurdt der ûndersocht of de kommunikaasje tusken de helporganisaasjes goed ferrint. De oefening is opset troch Rykswettersteat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)