Rampeplannen moatte gau fernijd

21 feb 2002 - 00:00

De provinsje ferwachtet dat alle Fryske gemeenten yn maart in aktueel rampeplan hawwe. Op it stuit binne allinne Ferwerderadiel en it Hearrenfean noch net klear mei it fernijen fan har rampeplan.

Steatsekretaris de Vries fan Ynlânske Saken hat de provinsje frege om der op ta te sjen dat de gemeenten har plannen sa gau mooglik yn oarder meitsje. Dit fanwege oare rampen, lykas yn Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)