Rampeplan musea net folslein

21 jan 2009 - 21:51
  • It Skipfeartmuseum hat syn prioriteitelist op oarder

Fryske musea moatte ek in prioriteitelist meitsje fan harren ynventaris. It Ynstitút Collectie Nederland pleitet derfoar dat alle musea yn Nederlân in list meitsje mei de stikken dy't as earste út it museum helle wurde yn gefal fan in ramp.

Dêrmei moatte se net allinnich rekken hâlde mei de wearde fan de stikken, mar ek mei de grutte en it gewicht. Oanlieding foar de list binne de brannen yn in museum yn Amersfoort en de brân by de TU yn Delft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)