Rampeplan foar Waadgemeenten

22 okt 2008 - 17:21
  • Nij plan moat it Waad feiliger meitsje

De feiligens op de Waadsee sil tanimme troch it nije rampebestridingsplan dat acht Waadgemeenten ûndertekene hawwe. Dat seit boargemaster Bert Swart fan Skiermûntseach. Swart is foarsitter fan de stjoergroep dy't it plan foar de feartsjinsten op de Waadsee ûntwikkele hat.

Yn it ferline wurken de helptsjinsten noch te folle by elkoar lâns. Dat moat no oars wêze. Takom jier sil der in grutte oefening op de Waadsee hâlden wurde om te sjen oft it plan wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)