Rampe-oefening yn Ljouwert

02 apr 2005 - 18:01

Yn Ljouwert is sneon de grutste rampe-oefening yn tiden hâlden. De gemeente Ljouwert en de provinsje oefenen it senario fan in ramp yn de stêd.

Op de Alde Greuns wiene sabeare twa boaten op elkoar botst. Dêrby wie in gaswolk frijkaam. Alle mooglike helptsjinsten wiene by de oefening belutsen, fan brânwacht oant biste-ambulânse. Der diene goed 600 frijwilligers oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)