Rampe-oefening yn Drachten

06 mrt 2005 - 17:25

By it eardere stoart yn Drachten sil tongersdei in lytse rampe-oefening hâlden wurde. It stoart wurdt ynkoarten saneard. De swier fersmoarge grûn wurdt skjinmakke en ferwurke yn in lûdswâl by de nijbou fan de Drachtsterfeart.

Der is in saneamd soarchplan makke dat brûkt wurde moat as der by de sanearing saken ferkeard gean soene. Dat wurdt tongerdei oefene. De gemeente Smellingerlân hat omwenners op de hichte brocht fan de oefening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)