Rampe-oefening yn Bûtenpost

20 sep 2006 - 09:37

De brânwacht kin noch wol wat oefening brûke as it giet oer de bestriding fan ûngemakken mei gefaarlike stoffen. Dat die tiisdeitejûn bliken by de earste fan trije grutte oefeningen mei gefaarlike stoffen by keunststoffefabryk Enitor yn Bûtenpost.

De helptsjinsten fan Noardeast-Fryslân ha net in soad rûtine yn de bestriding fan ûngemakken mei gefaarlike gassen en floeistoffen. Rampen dêrmei komme gelokkich net in soad foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)