Rampe-oefening op Waad

29 okt 2003 - 00:00

Alle helptsjinsten fan Fryslân en de eilannen ha woansdei mei-inoar in oefening holden. Under de namme Collision waard in botsing tusken twa skippen op iepen see neispile.

It gie om in saneamde net-regisearre oefening. Dat hâldt yn dat de helpferlieners allinich witte dat sy te oefenjen geane. Pas op it momint sels hearre se wat der oan de hân is. De kommunikaasje tusken de ferskate tsjinsten stie sintraal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)