'Rampdei' yn Burgum

21 sep 2002 - 00:00

Yn Burgum wiene ramptoeristen sneon ris in kear wol wolkom. Dêr wie nammentlik de '112-dei', opset troch winkellju om it plak yn it omtinken te bringen.

Ferskate helptsjinsten joegen in demonstraasje. De tsientûzen taskôgers koene plysje, brânwacht, ambulânse en hely yn aksje sjen by sebeare ûngelokken en gefaarlike sitewaasjes. Hjir en dêr koe it publyk sels ek even 'meihelpe'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)