Ramp doarpshûs Ychtenbrêge

18 feb 2009 - 21:51

De bouplannen fan wenningboukorporaasje Lyaemer Wonen yn Ychtenbrêge kinne op in ramp útdraaie foar it doarpshûs. De korporaasje is fan doel om in appartemintegebou, romten foar de skoalle en in multyfunksjoneel gebou yn it doarp del te setten.

It doarpshûs krijt der dan in konkurrint by, want tal fan aktiviteiten dy't no noch yn it doarpshûs plakfine, ferhúzje dan nei it nije sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)