Ramon Zomer noch yn sikehûs

01 feb 2012 - 12:38

Hearrenfeanspiler Ramon Zomer leit noch hieltyd yn it sikehûs. Zomer kaam tiisdei yn de kwartfinale fan de beker mei Vitesse spits Marcus Pedersen yn botsing. Mei in slimme blessuere oan de holle waard er mei de brankaar fan it fjild helle. Zomer wit sels neat mear fan de botsing. Yn it sikehûs yn Arnhem is hy noch troch de scan gong, mar ek dêr wit Zomer neat mear fan. Zomer wachtet no op de diagnoaze fan de dokter.

Hy tinkt dat hy dêrnei nei hûs mei. It liket derop dat it giet om in swiere harsenskodding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)