Ramon Zomer net nei Hearrenfean

04 jan 2006 - 10:13

Ramon Zomer makket net de oerstap nei SC Hearrenfean. De ferdigener fan FC Twente seach sels in oerstap wol sitten, mar syn klub lit him net gean. It kontrakt fan Zomer rint noch oant de ein fan takom seizoen en Twente is fan doel dat iepen te brekken.

Hearrenfean hat mear spilers op it each. Kroatyske media melde dat Hearrenfean ynteresse hat foar Srdan Lakic fan Kamen Ingrad en Goran Ljubojevic fan Dinamo Zagreb.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)