Ramon Zomer nei SC Hearrenfean

19 aug 2011 - 00:11
  • Foto: Omrop Fryslân

Ramon Zomer fan NEC tekenet ynkoarten in kontrakt by SC Hearrenfean. De 28-jierrige Zomer is in sintrale ferdediger en kaam earder út foar FC Twente. Hearrenfean hie in pear jier lyn ek al belangstelling foar him, mar doe gie it net troch. Zomer tekenet by Hearrenfean nei alle gedachten in kontrakt foar trije seizoenen.

De nije oanwinst moat by Hearrenfean de konkurrinsje oangean mei Michel Breuer, Arnold Kruiswijk en Jeffrey Gouweleeuw

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)