Ramkreak yn Easterwâlde

01 okt 2003 - 00:00

Unbekenden ha woansdeitemoarn de klûs fan de Rabobank yn Easterwâlde stellen. Mei in shovel waard in gat yn de muorre njonken de jildautomaat fan de bank slein. Troch it gat koe de klûs nei bûten helle wurde.

Doe't de plysje flak nei it ôfgean fan it alarm oankaam, wiene de dieders al wer fuort. By de Kijkshop op It Hearrenfean hat ek in ramkreak west. Dat barde in pear oerkes earder. De plysje ûndersiket oft der in ferbân is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)