Ramkreak yn De Westerein

11 aug 2003 - 00:00

Moandeitemoarn betiid hat der in ramkreak west yn in elektroanikasaak op De Westerein. De oerfallers waarden op 'e die betrape. Twa fan harren binne oanholden. De skea oan de saak bedraacht tsientûzenen euro.

De plysje fûn de auto fan de oerfallers al rillegau. It stellen guod siet der noch yn. De dieven hiene kamera's, dvd-spilers, tillefoans en tv-skermen meinommen. De eigner fan de saak sil no pealtsjes foar de gevel sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)