Ramkreak yn De Hommerts

23 apr 2009 - 11:26

Yn De Hommerts hat woansdeitenacht in ramkreak west by it tankstasjon fan meganisaasjebedriuw Bylsma. De dieven rieden mei in auto de kiosk binnen. De hiele skodoar is dêrby fernield en binnen is it in ravaazje.

Wat der krekt meinommen is, wurdt noch besjoen. De skea rint yn alle gefallen yn de tûzenen euro's. De dieven binne útnaaid yn de rjochting fan Heech. Dêr hiene se in oare auto klearstean. Ferline jier waard it tankstasjon ek al troffen troch in ramkreak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)